Fyftjinde Fryske ‘Voedselbank’

DAMWÂLD – Fryslân hat der wer in ‘Voedselbank’ by. Yn Dantumadiel is freed de fyftjinde fan start gien. Al mear as 20 minsken ha har oanmeld foar in pakket mei boadskippen dat se twa kear yn ‘e moanne krije.

Der binne kritearia om yn oanmerking te kommen foar in pakket. Sa mei bygelyks in ien-persoanshûshâlding net mear as 175 euro yn de moanne te besteegjen ha oan boadskippen en klean. De oerkoepeljende organisaasje fynt dat eins elke gemeente in ‘voedselbank’ ha moat sadat elkenien dy’t it net rom hat, holpen wurde kin.

Kijk verder op het kanaal van Omrop Fryslân

Credits
(1) Fyftjinde Fryske ‘Voedselbank’ – Omrop Fryslân
(2) Video – Omrop Fryslân
(3) Tekst – Omrop Fryslân
(4) Voedselbank Dantumadeel